Aebe, sechstich sentimeter,
siet yn d’earste klas,
doe wie der in brantsje makke.
Plysje kaam der oan te pas.
Plysje, goed ien meter tachtich,
frege: “Aebe, witst der fan?”
“Neat”, sei Aebe, “neat, nei wier net,
earlik wier net, plysjeman!”
Doe de plysje tige drige:
“Aebe witst it best.
Stean hir net tsjin my te ligen!
Do hast by dat brantsje west.
Moast it my beslist fertelle.
No sis op, wat witst der fan?”
“Neat”, sei Aebe, “neat, nei wier net,
earlik wier net, plysjeman!”
Plysje brulde: “Aebe, seist it
of ik nim dy mei
nei ’t buro en dêr bliuwst sitten
ek al duorret it in dei!”
Aebe sei: “It is no tiisdei
en ik moat nei skoalle, no?
As ik moarntemiddei frij bin,
kom ‘k wol efkes op ’t buro.”
Pyt Bosma 1975
| Maak geen misbruik van dit gedicht. Do not misuse this poem. Meer informatie / more information gedichten@indronten.nl |
||