Twa beppen fan de treppen

De famkes hiene op de souder
in âld ferklaaierskiste staan
mei huodden, petten, skuon en sloffen
en alderhande soarten klean.

Dy gong foar elke optocht iepen,
mar ek as’t ûnlijich wie
of samar omt in pearke famkes
ris sin oan wat ferklaaien hie.

Sy kamen ris as âlde beppen
hiel moai ferklaaid de treppen del,
oan ien wei gibelje en laitsje.
O, wat in wille hie dat stel.

Want kostlik kin jo toffelje
mei grutte skuon en sloffen oan
en tsjin inoar oan knoffelje,
mar oeh, dan komt it! ……Stroffelje!
Twa beppen rôlen fan de treppen
en alle wille wie bedoarn!

Mem hearde it gerommelbommel
en fûn har moartsjend yn’t trepsgat.
De dokter kaam en sei: ”In wûnder,
bei allebeide neat kapot.”

De âlde kiste stiet no ûnder
en ’t lid derfan sit goed op’t slot.

Gerrit Baarda 1984

Maak geen misbruik van dit gedicht.
Do not misuse this poem.
Meer informatie / more information gedichten@indronten.nl