Nuvere nacht

Mei d’eagen ticht of d’eagen iepen
hear ‘k elke kear de klok dy slacht.
Al hoe’n ferlet ik ha fan sliepen
ik lis mar wekker dizze nacht.

Ik ha om yn de slom te reitsjen
achthûnderd poaten teld fan skiep.
Ik rekken út: twahûnderd bisten.
Sa helder wie ik, sonder sliep.

En al de ferskes dy’t ik learde,
ha’k stadich opsein ien foar ien,
mar’t holp my neat. Fan argewaasje
ha’k skoften foar it finster stien.

Doe ha’k wat waarme molke dronken,
dat wol wol helpe wurdt der sein,
mar ja, dan moatte jo nei ’t húske.
Sa wurde jo jo rie tenein.

Yn’t hier begjint it my te jûkjen,
de nachtklean plakke my om’t gat.
Moarn bin ik grif wer net te brûken,
de holle leech, de lea kapot.

Of’k op’e rêch lis of op side,
of ik langút lis of rûngear,
of op’e bûk, it bliuwt itselde:
Ik lis de lea my altyd sear.

De plakken dy mei B begjinne,
ha’k allegearre stadich neamd.
Ferhip! … Wat’s dit?? No wurd ik wekker!
Ik ha it allegearre dreamd!

Dít is apart! Nea witten dat men
oer sleapeleasens dreame kin.
Mar’t hat in akelige dream west.
‘k Bin wakker bliid, dat’k wekker bin.

Gerryt Baarda 1984

Maak geen misbruik van dit gedicht.
Do not misuse this poem.
Meer informatie / more information gedichten@indronten.nl