Us pake hjit Binsma en Binne
en pake is in fleurige man.
Ik ha noch myn oerpake kennen.
Wy neamden him âld-pake Jan.
Us pake syn pake
wie ek wer in Binne
en oerpake’pake
fansels wer in Jan
en oerpake’oerpake
Binne allinne
of Binne fan Jan
want hy hie net in fan.
Ús pake syn pake syn oerpake’pake
dat moat, as ik ’t goed ha,
in Jan west ha dan.
Ús heit hjit ek Jan
en hat Binsma as fan.
En ikke? En ikke
hjit Benny, ferdikke!
’t Is skande, ’t is skande,
dat fyn ik der fan!
Gerryt Baarda 1986
| Maak geen misbruik van dit gedicht. Do not misuse this poem. Meer informatie / more information gedichten@indronten.nl |
||