Emancipaasje

In man, fynt ús heit, is de baas yn’e hûs
omt in man sa goed baas spylje kin,
mar hy hat bûtendoar altyd wurk by de rûs
en ús mem kriget sonder mankearen har sin

Dy emansipaasje, seit heit, dat’s geseur,
mar ús mem hâldt de tomm’opde pong.
De mânlju, mient heit, binne superieur,
mar ús mem giet alhiel sonder ophef har gong.

De mânlje, seit heit, binne ’t sterke geslacht,
dy ha folle mear ynsjoch en macht.
O, ús heit is de baas yn ‘e hûs. Wel jawis:
As ús mem yn de buorren om boadskippen is!

Gerryt Baarda 1984.

Maak geen misbruik van dit gedicht.
Do not misuse this poem.
Meer informatie / more information gedichten@indronten.nl