De poppe roppe
“Kom hjir ris, Jappy. Kom ris hiel ticht by my.
Mem moat dy hiel wat moais fertelle, fint.
Do krijst hjir binnenkoart in boarter by dy.
Dy komt sawat as de apelbeam út rint.
As dy alhiel read-wyt is fan de blommen,
krijsto’r in suske of in broerke by.
En no moast hjir ris op myn knibbel klimme.
Dy lytse poppe is no noch by my.
Dy sit beskûle hjir, yn mem har skurte
en dy beweecht sa no en dan al wat.
Moast hjir dyn hân mar ris foarsichtich lizze
dan fielst musskyn it aaien fan dy skat.”
“Ik tink, dy poppe leit no stil te sliepen.
Ik fiel alhielendal net, dat er aait.
Mem doch de mûle ris op ’t wiidste iepen,
Dan wol ik sjen, wer’t er te sliepen leit.
Ik sjoch him net. Mei ik wol oan him roppe?
Hindert it neat, mem, as ik oan him rop?
Do meist wol mei my boartsje, lytse poppe!
Myn hobbelhynder meist ik wol ris op.
Sil ik him no mar welterêsten sizze
troch mem har mûle? Koes mar lekker, hjer!
Ús apelbeam hat hiele dikke knoppen
en asto wolst, dan hobbelje wy dêr.”
Gerryt Baarda 1984
 |
Maak geen misbruik van dit gedicht.
Do not misuse this poem.
Meer informatie / more information gedichten@indronten.nl |
 |
 |