Betufter

In barchje kin bargje en spinnen kinn’spinne,
moai grif sille eamelers eamelje kinne,
mar spinnen dy spinne fansels net allinne,
mei ’t rûpen en katten dat ek wakker kinne.
Mar bargje, dêr sil net in kat mei begjinne
en rûpen en spinnen en eamelders rinne
as’t heal kin om drek en wietichheid hinne.
Hjir komt wer yn út hoe betûft minsken binne:
Ús buorman kin eamelje, bargje én spinne.

Gerryt Baarda 1984

Maak geen misbruik van dit gedicht.
Do not misuse this poem.
Meer informatie / more information gedichten@indronten.nl